NDC:De Groot tydlik foarsitter

25 jun 2010 - 09:57

Bert de Groot wurdt tydlik bestjoersfoarsitter fan útjouwer NDC/VBK. Hy nimt it wurk oer fan Jan de Roos dy't nei alve jier by it bedriuw fuortgiet. Der is noch gjin opfolger fûn en dêrom nimt fise-foarsitter Bert de Groot syn taken foarearst oer.

NDC/VBK is ûnder oaren útjouwer fan de Ljouwerter Krante en in grut tal Fryske hûs-oan-hûs kranten. Ek jout it bedriuw boeken út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)