NDC-radiostasjons steane faai

12 feb 2013 - 11:20

Cees Anceaux, direkteur radio by de NDC mediagroep, erkent dat de takomst fan syn trije radiostasjons faai stiet. Mar hy jout de striid net op. Anceaux fynt dat Waterstad FM, Radio NL en Arrow Classic Rock ek yn dizze tiid wat taheakje oan it krantebedriuw, benammen op it mêd fan marketing.

De nije eigeners fan de NDC mediagroep, útjouwer fan û.o. de Ljouwerter krante, makken moandei bekend dat der in flinke reorganisaasje oankomt en dat de fokus yn de takomst lizze sil by it krantebedriuw. By de trije radiostations wurkje 25 minsken.

De radiostjoerders draaie al jierren mei ferlies.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)