NDC begjint mei nijsstjoerder

03 jan 2006 - 16:47

De Noordelijke Dagblad Combinatie NDC begjint dit jier mei in kommersjeel radiostasjon foar Noard-Nederlân. De NDC jout ûnder oare de Ljouwerter Krante, it Dagblad van het Noorden en in grut tal hûs-oan-hûs blêden út. In earder belang yn it stasjon Rebecca Radio wie gjin sukses.

De nije radiostjoerder wol foaral nijs bringe en rjochtet him op minsken tusken de 30 en 40 jier. Der moat noch in eterfrekwinsje oankocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)