NCRV-man Sipke van der Land út Kollum ferstoarn

24 nov 2015 - 06:14
  • Sipke van der Land

Kollumer Sipke van der Land is op 78-jierrige leeftiid ferstoarn. Van der Land waard ek wol it 'Gezicht van de NRCV' neamd. Hy makke syn earste telefyzjeprogramma foar de stjoerder yn 1968. Hy hie dêrnei ferskate programma's, mar makke ek dokumintêres en radioprogramma's.

Dêrneist skreau er boeken. Van der Land wenne de lêste jierren yn Wassenaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)