NCPN: "Broek-Súd by De Jouwer goed plak foar AZC"

24 des 2014 - 09:56
  • Broek-Súd by De Jouwer

Broek-Súd by De Jouwer soe in goed plak wêze kinne foar in asylsikerssintrum. Dat seit fraksjefoarsitter Rinze Visser fan de NCPN-fraksje yn de gemeenterie fan De Fryske Marren. De gemeente siket mei it COA nei in plak foar in AZC, no't de opfang yn Moai-Gaasterlân yn Riis net trochgiet.

Neffens Visser is de gemeente eigener fan in grut stik grûn yn de wyk. De ferkeap derfan giet dreech en driget neffens Visser in finansjele strop foar de gemeente te wurden. Dat kin mei de bydrage fan it COA kompensearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)