NBK te sjen op Omroplive.nl

02 des 2011 - 14:02

Op freed 2 en sneon 3 desimber wurdt yn Martiniplaza yn Grins foar de 31e kear de Nederlânske Brassband kampioenskippen organisearre. Wa't net yn de gelegenheid is hjir by te wêzen hoecht neat fan it evenemint te missen. De folsleine kampioenskippen binne live te folgjen by Omrop Fryslân op www.omroplive.nl. It is foar it earst dat de Nederlânkse Brassband kampioenskippen fia in livestream te sjen en te hearren binne.

De Stichting Nederlandse Brassband Kampioenschappen hopet dat hjirmei in soad leafhawwers oer de hiele wrâld berikt wurde. Foarsitter Durk Dam: "Wy witte dat der yn it bûtenlân grutte belangstelling is foar ús kampioenskippen. Op dizze wize kinne wy yn in ferlet foarsjen. Omrop Fryslân docht syn uterste bêst om de bylden en de muzyk sa goed mooglik yn de húskeamer te bringen. Fansels belibbet de harker en sjogger in oare sfear.”

It Euro Brassfestival dat yn juny yn Drachten hâlden waard, is troch tûzenen minsken út binnen- en bûtenlân folge op Omroplive.nl. It grutte tal besikers soarge sels foar haperings op de site. De omrop hat der dêrnei alles oan dien om de ferbinings stabiler te meitsjen. Omrop Fryslân makket ek opnamen foar de radio. De bêste prestaasjes fan de Fryske brassbands binne al op snein 4 desimber tusken 18.00 en 19.00 oere te hearren yn it radioprogramma Muzyk Maskelyn en ek te beharkjen op www.koperkanaal.nl.

By dizze edysje fan de Nederlânske Brassband kampioenskippen stride 42 brassbands fan Fryslân oant Limboarch yn fiif5 divyzjes om de kampioenstitels. Fan freedtemiddei 14.00 oere oant sneontejûn 23.30 oere klinkt de brassmuzyk yn it Grinzer Martiniplaza.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)