Nazy-útspraak falt ferkeard

23 nov 2005 - 12:08

Sjoerd Hoekstra fan de Dierebeskerming fielt him misledige troch skieppehâlder Geert Mast. Die neamde him begjin dit jier yn it programma Brekking in nazy.

Ynspekteur Hoekstra kaam yn it nijs nei de ûntromming fan it fee fan Anne Kingma fan Jorwert. Dêr is doe in yntern ûndersyk nei ynsteld. Hoekstra krige dernei dien om't syn gedrach net neffens de regels wie. Mast wol syn útspraak net ynlûke en moat yn febrewaris foar de rjochter komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)