Nawijn: wer twa fertochten

18 sep 2006 - 13:01

It ûndersyksteam fan Hilbrand Nawijn nei de moard op Marianne Vaatstra hat wer twa nije fertochten op it each. Dat hat Nawijn moandei melden. Fan de fjouwer fertochten dy't der yn maaie wiene, binne noch twa oer.

It team krijt noch hieltyd tips en hat lêsten ek hânboeien opstjoerd krigen. Marianne Vaatstra soe hânboeien om hân ha op it tydstip fan de moard. Neffens Nawijn giet it net om in grapmakker, mar om in serieuze oanwizing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)