Nawijn: sels dna-ûndersyk dwaan

04 jun 2006 - 00:00

Keamerlid Nawijn seit dat er sels in dna-ûndersyk dwaan wol yn de saak Vaatstra. Hy is út ein set mei in aksje om dat te beteljen. Earder sei Nawijn al dat er jild ynsammelje wol foar it ûndersyk nei de saak.

Neffens in wurdfierder fan Nawijn binne der al donaasjes binnen, mar der soe seker 20.000 euro nedich wêze. Yn in parseberjocht sprekt de heit fan Marianne Vaatstra syn stipe út foar de aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)