Nawijn: plysjewurk even dellizze

31 maaie 2006 - 00:00

Keamerlid Hilbrand Nawijn woe dat de plysje yn Fryslân woansdei in heal oere it wurk dellei. De plysjeminsken soene sa protestearje moatte tsjin it ynterne ûndersyk by de plysje Fryslân nei oanlieding fan it lekken yn de saak Vaatstra. Gjin inkelde plysje hat gehoar jûn oan de oprop.

Nawijn hat ûndersyk dien nei de moard op Marianne Vaatstra. Hy hat dêrfoar ek mei belutsen plysjes praat. De plysje wol útsykje of dat wol mocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)