'Nawijn hat plysje mislaat'

01 jun 2006 - 00:00

De Fryske plysje twifelt oft Twadde Keamerlid Nawijn wol earlik oan syn ynformaasje kommen is yn de saak Vaatstra. Undersiker Akerboom dy't Nawijn bystiet, soe by it praten mei Fryske plysjeminsken de yndruk wekt hawwe dat it om in offisjeel parlemintêr ûndersyk gean soe.

De plysjeminsken fiele harren no mislaat en bedondere. Plakferfangend korpssjef Sitalsing twifelt oan de yntegriteit fan Nawijn en Akerboom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)