Nauta wrâldkampioen mei ploech

22 feb 2009 - 16:50
  • Wrâldkampioene Yvonne Nauta (foto: Martin de Jong)

Yvonne Nauta fan Twellingea is mei Jorieke van der Geest en Roxanne van Hemert yn it Poalske Zakopane wrâldkampioen reedriden wurden op it ûnderdiel ploege-efterfolging.

De Nederlânske junioareploech ried in tiid fan 3.17,18. Dat wie goed twa sekonden rapper as de nûmer twa, Japan. Korea pakte it brûns. Sneon waard Nauta wrâldkampioene op de trije kilometer en twadde yn it einklassmint allround.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)