Nauta twadde yn maraton Grins

08 des 2012 - 23:44
  • Frank Vreugdenhil

Frederik Nauta is sneon twadde wurden yn de njoggende maraton om de KPN-maraton-kup yn Grins. De Boalserter moast belies jaan yn de sprint tsjin Frank Vreugdenhil. De twa manlju ûntrûnen de massasprint, mei troch de help fan de ploechmaten fan de winner. Jorrit Bergsma waard fiifde, klassemintslieder Crispijn Ariëns sânde.

By de froulju gong de winst nei de Francesca Lollobrigida. De Italiaanse wûn de massasprint foar Mariska Huisman en Foske Tamar van der Wal. Maria Sterk waard fiifde, Rixt Meijer sânde.

Mariska Huisman is de nije liedster yn it tuskenklassemint, foar Rixt Meijer, Foske Tamar van der Wal en Maria Sterk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)