Nauta: teloarsteld oer beslút

08 jan 2014 - 12:08
  • Yvonne Nauta

Yvonne Nauta fan Twellingea fynt dat se gjin earlike kâns krigen hat. De reedrydster giet wol nei de Olympyske Spelen, mar net op de 3000 meter. De geskillekommisje fan it reedrydbûn hat dat tiisdei besletten. De ploech fan Nauta, de Liga-ploech hie protest yntsjinne tsjin it beslút om Van der Weijden nei de Spelen te stjoeren. Nauta waard by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf hindere. Dêrtroch koe se har úteinlik net rjochtstreeks pleatse. It bûn makket gjin gebrûk fan in kalamiteiteplak foar Nauta en dat stelt har teloar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)