Nauta pakt NK allround titel

02 mrt 2014 - 16:02
  • Yvonne Nauta pakte snein har earste NK allround titel

Yvonne Nauta fan Twellingea hat snein har earste NK allround titel pakt. Yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam wûn Nauta de ôfslutende 5 kilometer yn in winnende tiid fan 7.21.53. Dêrmei makke se yn in rjochtstreeks duel mei Diane Valkenburg mei gemak har efterstân fan 3.28 sekonde op Valkenburg goed.

Valkenburg klokte in tiid fan 7.28.16 en pakte dêrmei it sulver yn it einklassemint. It tredde plak yn it einklassemint gong nei Irene Schouten, dy't ek tredde waard op de 5 kilometer yn 7.28.23.

Mei de al oanwiisde Yvonne Nauta en Ireen Wüst sille Diane Valkenburg en Irene Schouten ek nei it WK allround op It Hearrenfean. It WK is op 22 en 23 maart yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)