Nauta en Looijenga kampioen

10 mrt 2012 - 23:27

Yvonne Nauta en Wendy Looijenga binne Nederlânsk kampioen op de 3000 meter wurden by it NK ôfstannen yn Breda. Nauta die dat by de neo-senioaren, Looijenga by de A-junioaren. Nauta fan Twellingea hie in romme foarsprong op Carlijn Achtereekte: 4.18.02 om 4.22.28.

Wendy Looijenga fan De Gordyk wûn by de A-junioaren yn 4.21.81. By de neo's hie dat goed west foar de twadde tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)