Natuurmuseum helpt Kameroen

06 nov 2008 - 19:52

It Natuurmuseum yn Ljouwert wurket gear mei in trainingsynstitút foar wyldbehear yn Kameroen. Twa minsken fan it Afrikaanse ynstitút rinne staazje op de preparaasje-ôfdieling. Dêr wurde bisten opset.

Begjin takom jier fersoarget it Ljouwerter museum yn Kameroen in masterclass oer it opsetten fan bisten. Doel fan de staazje is dat se sels ek bisten preparearje kinne, om tentoan te stellen yn de wyldparken yn Kameroen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)