Natuurmonumenten: "Ophâlde mei gaswinning yn Waadgebiet"

18 feb 2015 - 22:28
  • De Waadsee by Skiermûntseach

Alle plannen foar nije gaswinningsprojekten yn it Waadgebiet by Skiermûntseach en Skylge moatte fuortendaliks fan tafel. Dat seit Natuurmonumenten. De natoerorganisaasje wurdt stipe troch it rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid oer de gaswinning yn Grinslân.

De wichtichste konklúzje fan it rapport is dat de NAM en it Ryk de risiko's fan it gaswinnen jierrenlang negearre hawwe. Njonken boaiemdelgong soarget gaswinning der boppedat foar dat fûgels gjin iten mear fine kinne op droechfallen platen.

Neffens Natuurmonumenten moat der in ein komme oan de tanimmende yndustrialisaasje fan it Waadgebiet. Ek it winnen fan sâlt en de útwreiding fan wynmûneparken falle dêr neffens Natuurmonumenten ûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)