Naturalisaasjedei yn Fryslân

24 aug 2006 - 18:09

Op de earste lanlike Naturalisaasjedei hat Fryslân der tsientallen nije Friezen by krigen. Op ferskate gemeentehûzen krigen minsken it bewiis fan har Nederlanderskip útrikt.

Dat barde ûnder oare op it gemeentehûs fan Frjentsjer. Boargemaster Haveman ûndertekene foar tsien minsken de ferklearring dy't harren offisjeel Nederlanner en Fries makket. Njonken it papierke, krigen de nije Nederlanners ek in Frysk paspoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)