'Natuerwetten moatte better'

26 jan 2007 - 13:44
  • De VVD wol dúdlike gedrachsregels yn de natuer

De natuerwetjouwing yn Nederlân moat helderder en better útfierber makke wurde. Dat fine de trije Noardelike VVD-steatefraksjes.

De liberalen ha eigen ûndersyk dien nei natuerwetjouwing en nei de floara- en faunawet. De konklúzje is dat de wetjouwing te kompleks en betiden tsjinstridich is. Der moat in heldere begripelist komme. Itselde jildt foar gedrachsregels yn de natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)