Natuerplan Skylge op de aginda

31 okt 2015 - 11:04
  • De dunen by Hoarne

Steatsboskbehear en Rykswettersteat prate snein oer de takomst fan Skylge. Dêrby giet it om strân, dunen en kwelders. Foar it eilân moat in nij behearsplan komme mei dêryn wat de kommende tsien jier barre moat. De dielnimmers dogge mei oan in 'Doe en Kennisdag'.

De kennis dy't minsken sa oanrikt krije, komt goed fan pas as befolking, Rykswettersteat en Steatsboskbehear letter mei elkoar prate. Ien fan de ûnderwerpen is it stribjen mear te dwaan mei de kultuerhistoarje fan it eilân, mar eilanners meie ek sels saken op 'e aginda sette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)