Natuerpaad foar rolstoelers

23 maaie 2003 - 00:00

'De natuer is der foar eltsenien, ek foar minsken mei in handikap.' Mei dy gedachte hawwe de provinsje, it Fryske Gea en de Friesland Zorgverzekeraar in rolstoelfreonlik paad oanlein yn natuergebiet It Ketliker Skar. Minsken yn in rolstoel kinne in trajekt fan twaëninheale kilometer ôflizze. Dêrby hoege se net mear benaud te wêzen dat ien fan de tsjillen yn de modder fuortsakket. Freed is it paad offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)