Natuerorganisaasjes wolle guozzen fergasse by Alde Feanen

11 maaie 2015 - 15:59
  • Guozzen

Ferskate natuerorganisaasjes, wêrûnder It Fryske Gea en Steatsboskbehear, wolle guozzen fergasse by de Alde Feanen. Dêrmei wolle se útfine oft dat in effektive manier is tsjin guozze-oerlêst. De organisaasjes hawwe by de provinsje in fergunning oanfrege foar de fergassing by de Alde Feanen.

Fan 1 juny ôf meie fan Europa guozzen fergast wurde om oerlêst tsjin te gean. Oant no ta wurde de fûgels ôfsketten, mar dat helpt net genôch. It skodzjen en trochprikken fan aaien smyt ek te min op.

Guozzefergassing bart oant no ta inkeld by Skiphol. De fûgels binne oars in gefaar foar it fleanferkear. De natuerorganisaasjes wolle it bedriuw dat by Skiphol wurket, ek ynsette by de Alde Feanen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)