Natuermuseum wol mear besikers

22 jul 2004 - 11:48

It Frysk Natuermuseum yn Ljouwert wol nei de ferbouwingswurksumheden jierliks sa'n 25.000 ekstra besikers lûke. Foar de ferbouwing, dy't no sa goed as klear is, krige it museum jierliks 40.000 besikers.

It Natuermuseum is no al oardel jier ticht en is yn de tuskentiid ferboud en útwreide. Nei de boufak wurdt út ein set mei de ynrjochting. It fernije Fryske Natuermuseum giet yn febrewaris 2005 wer iepen foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)