Natuermuseum wint priis

04 apr 2012 - 14:02
  • Natuermuseum is 'kidsproof'

It Natuermuseum yn Ljouwert hat de nasjonale museumpriis 2012 wûn. It museum hat 34 persint fan de stimmen binnenhelle en lit dêrmei it berneboekemuseum yn De Haach, it skipfeartmuseum yn Amsterdam en Naturalis yn Leiden fier achter har. De priis is in inisjatyf fan de Bankgiroloterij en wurdt sûnt 1990 elk jier útrikt. Dit jier waard socht om it museum dat it bêste omgiet mei bern tusken de 4 en 12 jier. It winnen fan de priis leveret it museum 100.000 euro op. Mei elkoar brochten goed 41.000 minsken in stim út op ien fan de fjouwer musea.

De museumprijs jildt as de meast prestisjeuze publykspriis yn de Nederlânske museumwrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)