Natuermuseum stelt depot iepen

08 des 2006 - 10:56

Natuermuseum Fryslân stelt op snein 17 desimber it depot iepen foar publyk. Dat is yn in kelder ûnder it binnen- plak fan it museum. Yn it depot lizze hûnderten opsette fûgels, tûzenen skulpen en noch folle mear ynsekten.

Dy objekten bliuwe dêr lizzen oant se nedich binne foar in útstalling of wittenskiplik ûndersyk. It depot is yn de regel net iepen foar publyk, mar it Natuurmuseum wol dêr no foar ien kear in útsûndering op meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)