Natuermuseum Fryslân krijt spektakulêre útwreiding

06 des 2015 - 14:37
  • De oerkape binnentún fan it Natuermuseum Fryslân

It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert wurket oan in spektakulêre útwreiding en fernijing fan de attraksje Fryslân Under Wetter. De Sleat, lykas in soad minsken him kenne, wurdt fiif kear sa grut, kriget in swiet en sâlt wetter-gedeelte en karkes om der trochhinne te riden.

De nijbou ferget in ynvestearring fan mar leafst 1,4 miljoen euro. It museum hat dêr no sa'n 3,5 ton fan binnen. Direkteur Gerk Koopmans hopet dat de provinsje it grutste part fan de rest beskikber stelle sil. As alles goed giet, moat it wurk begjin takom jier úteinsette.

De ferbouwing is mooglik, omdat it grutte depot yn de kelder fan it museum nei in nije lokaasje ferhuzet. Dy is ferline wike oplevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)