Natuermuseum ferwiist nei porno

30 mrt 2006 - 09:03

It natuermuseum Fryslân yn Ljouwert sit raar oanklaud mei in bedriuw dat it âlde ynternetadres fan it museum oankocht hat. It âlde adres ferwiist no nei in Dútse pornosite.

Twa jier lyn hiet it natuermuseum Fryslân noch Fries natuurmuseum. Dêrby hearde ek in ynternetadres. No docht bliken dat it net handich wie om dit adres frij te jaan. By in rjochtsaak soe it musuem goeie kâns meitsje om fan de ynternetferwizing ôf te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)