Natuermuseum ferwachtet rekôr

21 okt 2011 - 15:58
  • Foto's: Omrop Fryslân

It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert ferwachtet in nij besikersrekôr te heljen. De útstalling Eet- & Weethuis fan no rint dat it slydjaget. Alle dagen komme der goed twatûzen besikers. Earder dit jier hie it museum ek al in súksesfolle eksposysje, oer dinosaurussen. Dizze kear wit it ûnderwerp iten protten âlden mei bern te lokjen.

De útstalling duorret oan 30 oktober. Der binne no 10.000 besikers op ôfkaam, sa wurdt rûsd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)