Natuermuseum Dokkum moat ticht

22 jul 2011 - 16:05

It natuermuseum yn Dokkum moat ticht. De gemeente Dongeradiel lûkt de subsydsje fan 25.000 euro yn. It kommend jier krije se noch 12.000 euro, mar dêrnei is it foarby. Ta grut fertriet fan de meiwurkers.

Nei in pear minne jierren hiene se de saak einlik wer op oarder en rinne de besikerstallen wer op. Neffens de gemeente binne de kosten foar it pân te heech en binne der oare mooglikheden foar de aktiviteiten. It museum is dit jier noch gewoan iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)