Natuermuseum Amelân nominearre

19 mrt 2010 - 19:45

It natuermuseum op It Amelân is nominearre foar de arsjitektuerpriis 'BNA gebou fan it jier 2010'. It museum is ien fan de trije nominearden út de noardlike provinsjes.

De oare nominearden binne in skoalle foar praktykûnderwiis út Grins en in stâl út Paterswolde yn Grinslân. Neffens de sjuery is Amelân in kultuermonumint ryker mei it natuermuseum. Op 22 april wurdt de lânlike winner bekend makke yn Delft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)