Natuermonuminten wekt stroom op

17 jun 2003 - 00:00

De wurkpleats fan Natuermonuminten yn it Fochterloërfean wekt tenei syn eigen enerzjy op. De wurkpleats is foarsjoen fan sinnepanelen. Dy jouwe genôch enerzjy om de ynstallaasjes yn de wurkpleats draaiende te hâlden. Mocht der mear enerzjy opwekt wurde, dan wurdt dy trochjûn oan it iepenbiere enerzjynet.

Op it dak fan de wurkpleats steane 230 panelen. Dy falle lykwols net op om't se deselde kleur hawwe as it dak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)