Natuerlike dea Menniste Skil

12 okt 2007 - 14:16

De 83-jierrige bewenner fan fersoargingshûs Menniste Skil út Boalsert dy't yn maaie fan dit jier ferstoar troch ferkeard medisyngebrûk is in natuerlike dea stoarn.

Ut ûndersyk fan it Nederlands Forensisch Instituut docht bliken dat it hert fan de man it bejûn hat. De flaters fan it personiel ha net fan ynfloed west op de dea. Der komt no gjin ferfolging fan it tehûs en it persoaniel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)