Natuerlike dea Gerkeskleaster

03 nov 2006 - 11:07

It Forensisch Instituut, it NFI, yn Den Haach hat freed seksje ferjochte op it lichem fan in 62-jierrige man út Gerkeskleaster. Ut de seksje docht bliken dat de man in natuerlike dea stoarn is.

Tongersdei waard er dea fûn yn syn wente oan de Molenstrjitte yn syn wenplak. In 23-jierrige ynwenster fan Bûtenpost dy't ek yn de wenning wie, jilde as fertochte. Se is yntusken wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)