Natuerlike dea frou Langedike

01 sep 2006 - 11:46

De 48-jierrige frou dy't woansdei dea fûn waard yn har wente yn Langedike is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat hat tongersdei bliken dien út ûndersyk fan it Forensisch Instituut yn Rijswijk.

De frou is oan in natuerlike dea stoarn, as gefolch fan medyske komplikaasjes by in longûnstekking. It oantroffen letsel hat net fan ynfloed west op de dea fan de frou. De man dy't oanholden wie is wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)