Natueriis-maraton yn Argentinië

02 sep 2003 - 00:00

It maratonriden wurdt hieltiten mear in mondiale sport. Nei Finlân, Eastenryk en Japan is it no de beurt oan Argentinië. By it stedsje Ushuaia wurdt yn 'e simmer fan 2005, want dan is it dêr winter, de earste Maximaraton riden, ferneamd nei Prinses Maxima.

Meiinoar 500 toer- en wedstriidriders kinne meidwaan oan dit evenemint. Neffens organisator Aart Koopmans leit der yn 'e winter - ús simmer - moai swart iis op 'e marren fan Patagoanië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)