Natuergebieten by Skearnegoutum

31 mrt 2006 - 14:55

Skearnegoutum krijt twa natuergebieten fan mei-inoar acht bunder. Oan de noardkant fan it doarp komt twa bunder, rjochting Snits wurdt seis bunder ynrjochte as reitlân mei wetter, knotwylgen, lege boskjes en oanlisplakken. Yn dat gebiet komt ek de nije natueriisbaan fan Skearnegoutum.

Takom jier of it jier dêrnei moatte de plannen útfierd wurde. It doarp hat de tekeningen tongersdeitejûn besjoen en is der tige wiis mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)