Natuergebieten krije funksje fan tydlike wetteropslach

30 jul 2015 - 15:31
  • Boskwachter Corné Joziasse is bliid mei de rein

Natuergebieten lykas it Drents-Friese Woud sille mear en mear de funksje fan wetterbuffer oernimme. Opslach fan wetter wurdt hieltyd needsaakliker en floara en fauna dogge it der goed as it wiet is en de fennen fol wetter stean. Neidat it der desennialang te droech wie, wurdt der de lêste tsien jier fan alles oan dien om it wetter op peil te hâlden.

It Drents-Friese Woud profitearret fan it wiete waar fan de ôfrûne tiid. Wylst toeristen it leafst in blauwe loft mei sinne sjogge, binne boskwachters lykas Corné Joziasse bliid mei de rein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)