Natuer wichtich by subsydzjes

06 apr 2004 - 00:00

By it takennen fan lânbousubsydzjes wurdt yn de takomst benammen sjoen nei de soarch dy't boeren besteegje oan natuer en lânskip. Dat sei minister Veerman fan Lânbou moandei.

De minister die syn útspraak op in byienkomst yn Wassenaar oer de Ekologyske Haadstruktuer, de ferbining tusken wichtige natuergebieten yn Nederlân. Neffens Veerman sil der yn de takomst hieltyd minder subsydzje nei lânbou gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)