Natuer as psychyske help

21 feb 2014 - 12:01

Minsken dy't psychyske help nedich hawwe, kinne dizze simmer teplak by Steatsboskbehear op Skylge. De natuerbehearder wurket dizze simmer gear mei in psychoanalytika fan it bedriuw Eilandtijd. Minsken dy't harren hjir foar ynskriuwe wurde troch de psychoanalytika en in boskwachter meinaam nei de Boschplaat.

Dêr wurde foarbylden út de natuer brûkt om minsken saken dúdlik te meitsjen oer harren psyche. De wize dêr't planten op in sâlte kwelder oerlibje kinne, kin as foarbyld brûkt wurde om it minsklik brein út te lizzen.

Neffens boskwachter Remi Hougee sjocht Steatsboskbehear op lanlik nivo hyltiten faker nei de kombinaasje fan sûnens en natuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)