'Natuer moat fergees wêze'

24 nov 2010 - 14:58

It Fryske Gea sjocht net in soad yn it foarstel fan Kommissaris Jorritsma om minsken betelje litten as se in natuergebiet yn wolle. Jorritsma kaam mei dat idee by de fiering fan it 80-jierrich bestean fan it Gea.

Neffens it Fryske Gea is de krêft fan de natuer no krekt dat dy fergees tagonklik is. Boppedat is it by in soad natuergebieten lestich om se ôf te sluten. De steatefraksje fan de PvdA is it ek net iens mei it idee fan Jorritsma en hat der fragen oer steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)