Natuer groeit minder troch kjeld en droechte

17 jun 2015 - 09:42
  • Droechte by Bakkefean

De maitiid hat te kâld west en no is it hiel droech yn Nederlân. Dat hat gefolgen foar de natuer. Alles is te let en stiet lang net sa heech as gewoanwei. Dat jildt ek foar de planten en struken yn stedstunen.

Ek yn Fryslân is te droech en dêrtroch is it peil fan it grûnwetter leech sa't te sjen is yn puollen en markes, benammen op de sângrûn. By bou- en feeboeren is noch gjin sprake fan in krisis, mar it moat dizze wike wol in dei reine. Oars komt it net goed, want ierappels meie net bereind wurde.

Yn it midden en suden fan it lân is sels sprake fan in needsituaasje. De boeren moatte folop bereine, mar dat slagget troch de wyn net goed. De opbringsten binne minder en de kosten heger, om't boeren in soad fretten bykeapje moatte foar de bisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)