Natoerpark by Ysbrechtum

16 jun 2011 - 18:36

It nije natoerpark by Ysbrechtum krijt de namme Douwe Tammingalân. De yn 2002 ferstoarne dichter hat lang yn Ysbrechtum wenne. It natoerpark is tongersdei iepene troch wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân.

It natoerpark is ûntstien út de ruilferkaveling Wymbritseradiel. Neffens it earste foarstel soe der bosk oanplante wurde, mar fanwege fûl ferset út it doarp Ysbrechtum gie dat net troch. It giet no om natuerlik greidelân mei in kuierpaad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)