Natoermuseum Fryslân wurket gear mei Fryske tsjerken

05 jun 2015 - 19:04
  • It replikatsjerkje op it binnenplak fan it Natuurmuseum
  • Utstalling 'Goddelijk Groen' yn Natoermuseum Fryslân

It Natoermuseum Fryslân en de Stichting Alde Fryske Tsjerken hawwe freed in nije gearstalling iepene mei de namme 'Goddelijk Groen'. It is te besjen yn it natoermuseum, dat derfoar gearwurket mei de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Dy bestiet dit jier 45 jier. Yn it atrium fan it museum is in Frysk tsjerkje op in terp delset. Piter Wilkens presintearre by de iepening in tal nije lieten. Dy binne spesjaal skreaun foar in soarte teatertoer dy't Wilkens nei de simmer makket. Derfoar giet er by in grut tal Fryske tsjerkjes del.

De útstalling 'Goddelijk Groen' is noch oant 30 augustus te sjen yn it Frysk Natoermuseum yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)