Natoermaatregels oanlis N381

25 mrt 2014 - 06:12

By de oanlis fan de nije dyk, de N381 tusken Drachten en Emmen, moatte tal fan maatregels naam wurde om de flora en fauna temjitte te kommen. Sûnt koarte tiid binne sleatten lâns de Tjonger troch lege skerms ôfsletten. Dizze skermen moatte der foar soargje dat kikkerts, fisk en wetterynsekten beskerme wurde by de oanlis fan de nije dyk.

Ek binne der tydlik kunstbeammen pleatst yn de foarm fan hege peallen, dy't flearmûzen helpe moatte by it bepalen fan har fleanrûte. Boppedat wurde der meardere faunapassaazjes ûnder de nije N381 oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)