Natoerklups: tink om Iselmar

15 maaie 2013 - 11:48
  • Besteande wynturbines by Koarnwertersân

De Iselmar wurdt in ôffierputsje fan wynmûnen. Dat skriuwe fjouwer noardlike natoer- en miljeuorganisaasjes: De Fryske miljeufederaasje, de Waadferiening, Natoermonuminten en it Blauwe Hart. Se doele dêrmei op plannen foar seis wynmûneparken yn de Iselmar, mei yn totaal 300 oant 600 wynmûnen. Dat is in geweldige oanslach op de Iselmar.

De miljeu-organisaasjes fine dat dêr te min omtinken foar is. Se wize op bettere mooglikheden foar wynenerzjy op it lân.

Der binne lokale inisjativen, bygelyks doarpen dy't in eigen doarpsmûne ha wolle. Woansdeitejûn wurdt oer de plannen foar nije wynmûneparken praat yn in steatekommisje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)