Nassir Maachi kin nei Cambuur

18 apr 2008 - 12:56
  • Nassir Maachi kin nei Cambuur

Sportclub Cambuur hat Nassir Maachi in oanbieding dien. De fleugeloanfaller stiet ûnder kontrakt by FC Utrecht mar wurdt op dit stuit ferhierd oan FC Dordrecht. Maachi is 22 jier en spile dit jier alle wedstriden by Dordrecht. Hy skoarde dêryn 10 kear.

Maachi hat noch in kontrakt oant 2009 by FC Utrecht, mar dêr hawwe se gjin ferlet mear fan him. By de Utrechters kaam Maachi ta tolve wedstriden en trije goals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)