Nasjonale priis foar skoalle

18 mrt 2009 - 19:20
  • De priiswinners op 'e foto

Basisskoalle De Wyngert fan Drachsterkompenije hat de Nationale Onderwijsprijs wûn. De twajierlikse priis waard útrikt troch steatssekretaris Sharon Dijksma fan ûnderwiis yn de Beurs van Berlage yn Amsterdam. De skoalle hat wûn mei it projekt 'Elke Dag Weer'. Learlingen wurdt in soad leard oer it waar en sa krije se mear belangstelling foar technyk.

De priis bestiet út in brûnzen oaljefant en sântûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)