Nasjonale parken sykje jild

23 sep 2011 - 13:44
  • It Lauwersmargebiet

Twa Fryske nasjonale parken tinke hurd nei hoe't se oan jild komme moatte no't it ryk besuniget op natuerjild. Nasjonaal Park De Alde Feanen hat dêr spesjaal in wurkgroep foar ynsteld. Nasjonaal Park Lauwersmar beslút takom wike oft se ek sa'n wurkgroep opsette sille.

De wurkgroep giet op syk nei jild by bedriuwslibben en partikulieren. De sinten binne nedich foar publike foarsjennings lykas besikerssintra, paden en fûgelhutten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)