Nasjonale Lânskippen besunigje

16 sep 2010 - 07:27

Besunigings by de oerheid treffe ek de Nasjonale Lânskippen. Twa dêrfan lizze yn Fryslân: Súdwest-Fryslân en de Noardlike Fryske Wâlden. De organisaasjes efter de lânskippen hawwe dêrom woansdei ôfpraat om mear gear te wurken.

Soks moat de bekendheid grutter meitsje en it moat jild opsmite. Yn de Noardlike Fryske Wâlden wurdt ek in proef dien om snoeihout te ferkeapjen as biomassa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)